De grootste loopfamilie van Noord-Nederland

Foar ’t earst nei 25 jier

Adventure run op ’t Amelân

Foar ’t earst nei 25 jier werris in trimloopke

Oanstutsen troch alle ferhalen fan oare rinsters hoe leuk as de Adventure run op ‘t Amelân wol net is, tocht ik dat soks dan wol in moaie gelegenheid wêze soe om wer ris yn wedstiidferbân oan in trimloop mei te dwaan.
Sawisa bin’k al gek op eilannen en drave oer ’t strân like my ek wol lekker stoer.
Mar troch de dunen: hoe soe dat gean?
Dêr’t ik wenje, yn Mantgum bin gjin dunen fansels en om alle kearen nei de Prinsetún ta te fleanen en dêr by de bulten op te stowen, like my ek wat oerdreaun en kostet in soad tiid.
Mar wy ha wol in protte brechjes, of sa’t wy dy neame: heechhouten. It wurd seit it al: sa’n brechje is heech en it is make fan hout.
 

Bak en bried

As ik woansdeis by T treen en sneins foar mysels, dan soe’t net ferkeard wêze om sa’n ‘brechje-trening’ op freeds yn te passen. Yn oktober bin ik dêr mei begûn: earst 20 brechjes op- en ôffleane mei in tempoloopke dertusken, dêrnei 30 en op’t lêst 40 stiks. Dat gie hiel moai oant heal novimber ta. Lykas mei safolle rinners en rinsters fan boppe de fyftich, begûn de ellinde. Ik krige lêst fan spieren (?) oan de binnekant fan de ljiske (‘lies’), dêr’t ik net iens fan wist dat ik se hie… Mei de brechjetrening wie’t yn ien klap gebeurd fansels. De ‘bak- en bried’ moast der oan te pas komme, oftewol it griene fleske Weleda oalje. Mei de’gewoane’ treningen mocht ik fan mysels net te grutte passen meitsje en rêstich oandwaan (hiel dreech foar my).
 

Hurdrin-chip

Yntusken kaam de falbiledatum (‘deadline’) hieltyd neieroan, dat de knoop moast trochhakt wurde: al of net meidwaan? Ik strúnde wat op de webside fan de Adventurerun om en seach dat der nochal wat by kaam te sjen: se moasten myn kleanmaat witte en ik koe in chip hiere. Dat soe foar it earst wêze dat ik rinne soe mei in GPS-systeem, al bist fansels mei in mobyltsje ek wol te trasearjen, mar dit even sa sydlings. Fia ynternetbankierjen koe it jild oermakke wurde en doe krige ik in befestigingsberjocht dat ik ynskreaun stie foar de 10 km. De measte rinners fan ús woansdeitemoarnploech knopen der in wykein oan fêst mei oare rinmaten, of mei it gesin. Dêr wie’t foar my wat te let foar, mar in dei op en del wie foar my gjin beswier.
 

Barre tocht

De wyks fan tefoaren is’t needwaar. Iis, snie, izel, hurde wyn en op ’t Amelân ûntstiet in ûnbegeanber parkoers. Dêr kaam by dat de fearboat de moandeis noch in oanfarring hie mei in baggerskip. Om de grutte tarin foar de Adventurerun net yn gefaar te bringen soe der in oare boat ynset wurde. It reinde mails en op de webside stiene hieltyd berjochten oer it waar en de tastân fan de rûte. Woansdei wie der noch in reportaazje oer de Adventurerun op Omrop fryslân en in dei letter waard de heale maraton yn ferbân mei it minne waar ôflast. De freeds soe beslist wurde as de 10 km wol hâlden wurde koe.
 

Fjoerfretters

Wat begûn wie as in aardichheidsje, draaide no út op ien fan de dreechste trimlopen fan it hiele jier, sa like it wol. It wiene no fansels wol de echte fjoerfretters dy’t de 10 km doarden te draven… Watsei 10,3 km, want troch it sânopspuitsjen op it strân wie de rûte wat ferlein en kaam dêrtoch wat heger út yn ôfstân. De tongersdeis fielde ik it al oankommen dat ik smoarferkâlden wurde soe. Op wei nei’t wurk kocht ik in pot Echinaeforce en slokte dêr daliks in hânfol fan troch. Sa koe ik it op’t wurk moai útsjonge, mar jûns, nachts en d’oare deis begûn ik ‘m te knipen. De freeds rûn it my ta d’eagen út. Mar werris loere op de webside: mei it each op it ferwachte teiwaar, giene de oare ôfstannen wol troch, dus ek de 10 km…
 

De grutte dei

De sneons sit ik yn de bus nei Holwert en dêr giet myn mobyltsje. It is M: ‘Sit der ek in lyts froutsje mei swarte kroltsjes by dy yn ‘e bus?’ Ik reagearje sa ferheard, dat ik har fraach frij lûd werhelje. In frou foar my keart har om. ‘Hjit se fan G?’, hear ik yn myn mobyl. En ja hear: G knikt. De frou foar my blykt dus G te wezen. ‘No rin mar achter har oan, want sy sit ek by ús yn ‘t húske.’ Sa komt it dat ik ûnderweis in gesellige prater ha en in paadwizer nei de freondinnen, dêr’t ik in ‘hûske fan hâld-oan’ (lês: in waarme dûs en kofje) hawwe sil.
 

Sinne

I en M sille de 5 km drave en G en H sille supporterje. Tidens dizze fiif km brekt de sinne dertroch! It wurdt in koarte, mar moaie trimloop dy’t in bytsje ynkoarte is omdat it parkoers wat oanpast is, fanwege de ferwachte waarsomstandichheden. Beide froulju finishe yn 29.48 netto. De 21 km rinners wurde útnoege om de 10 km mei te draven. Jûns thús wurd ik gewaar dat 500 fan dy rinners net opdaagjen kaam binne. Miskien ek wol te begripen: ast treend hast foar 21 km, rukst net út foar mar 10 kilometerkes. Likegoed bleaunen der noch wol 2000 rinners oer…
 

Nei 25 jier

As it startskot giet, bart der neat, gjin beweging, allinne lekkere muzyk ‘Opzij’, fan Herman van Veen en noch in moai ophitsend nûmer. Ik begjin der no echt sin oan te krijen. Dan is’t safier, de minsken foar my komme yn beweging. Wat ik net ferwachte hie: ik kin daliks drave, hoech my net yn te hâlden. Mar dat doch ik wol, want se spatte oan alle kanten om my hinne en ik wol earst noch even rêstich ynrinne. As der in boerd oan ‘e kant fan it parkoers stiet mei in 2 derop, gean ik by mysels nei hoe’t it mei my is. Ik haw genôch lucht, de noas sit net ferstoppe en noch foarnamer: ik fiel myn blessuere net! Wol baal ik der fan dat my sa’n soad ynhelje, mar dêr sil ik no wat oan dwaan.
 

Sânbuizen

Stadich komt de âlde wedstriidmentaliteit boppe, ik wurd handiger yn it ynheljen fan rinners en sykje ek de moaiste stikken fan it weidek út dêr’t ik del wol. It stikje troch it bosk is wat wietich, mar net sa dat ik der wiete sokken fan krij, dêr’t ik fan tefoaren oer yn sitten haw. Dan ynienen geane wy it strân op. Ik sjoch guont oer de grouwe sânbuizen hinne klauterjen sadat se op it ferhurde strân rinne kinne. Omdat ik my wol sterk fiel, hâld ik de rjochterkant fan it strân oan, dat is moudiger, mar dan hoech ik net te klimmen. Ferline simmer haw ik de strandzesdaagse kuiere, dat it is my net frjemd om troch it sân te wrotten. Gelokkich kinne wy frij flot wer in stik oer wat steviger strân trochrinne.
 

Twilling

Yn ‘e fierte moatte wy dan rjochts in heech dún oer. Dêr ha’k sin oan, ik begjin mei goede moed der by op te stowen. No komt myn brechjetrening goed fan pas. Ik helje se no by boskjes yn, mar dan… komt der nòch in hichte. Tsja, dêr wie’k net op klear en no wurd ik wer ynhelle. As de acht kilometer yn sicht komt sjoch ik ynienen R op ‘e rêch. Ik klamp oan , wy prate even en ik stel foar om achter ‘de twilling’oan te gean, mar R sjocht dat net sitten. Twa froulju, twillingen, of susters, dy’t it selde postuer ha en beide likehurd rinne. Dêr sweef ik wat omhinne, dan rinne sy wer hurder en dan ik wer. As ik op’t horloazje sjoch, tink ik dat ik it net oprêd om binnen it oere te finishen. Dan hear ik achter my de iene sus tsjin d’oare sizzen: ‘ga maar joh, dan kun je voor het eerst binnen het uur finishen’. It lykje my fan dy supersonyske froulju ta, dy’t presiis útdoktere ha hoefolle se rinne moatte, dat ik krij wer wjokken: ‘as ik dizze froulju foar bliuw, soe ik dan miskien…?’
 

De njoggen

It buordsje mei 9 krij’k yn ’t fizier. It is noch te betiid om de sprint yn te setten, mar ik ha gjin stekken yn ‘e side, ik krij goed lucht, haw myn jack al útstrûpt en om my hinne knope en de moffen hâld ik yn elke hân ien. Mei oare wurden: alles út ‘e kast donderkater. It komt safier dat ik my tusken twa rinners trochwrot, ik hie noait tocht dat ik soks doare soe en ik fiel de adrenaline streamen. Wy komme Nes wer yn en ik sjoch de blauwe opblaaspoarte yn ‘e fierte. Mar dat is noch gjin finish, dy is op in oar plak en is giel. Protten minsken oan ‘e kant fan ‘e dyk en ik hear myn supporters razen en ik sjoch se mei in skean each as ik se hast al foarby bin. Sprinte wol ik, mar it is ynienen hiel drok en der rinne my minsken foar de fuotten, hoe no?
 

Finish

Ik wol noch guont ynhelje en flean oer de einstreek en sjoch dat de klok 1.05.51 oanjout, dus ik ha’t net helle. Dêr tref ik Y dy’t krekt foar my finishe is. Wy wurde foarútdrukt. Dy’t dat wol krijt in plestik jas oer him/har hinne om net of te kuoljen. Earst mar wat drinke, dan de chip út de fiter strûpe en dan it t-shirt ophelje. Wow, wat in leuk model en in moai strak lettertype op ‘e rêch printe. Noch 150 meter útrinne en dan bin’k alwer by ’t húske: wat in geweldige lúkse. Dêr kin ik myn ferhaal kwyt, ik bin hielendal lyrysk oer it ferrin fan de wedstriid en wat der allegear by my boppe kaam is. Mar ja, net binnen ‘e oere dus.
 

Nr. 1324

‘Mar ho even, it wie de bruto tiid’, ropt ien. ‘En it wie ommers 300 meter mear….’Op ‘e boat nei hûs tref ik J K mei grutte pakken papier: de útdraaien mei de tiden. Dat treft moai fansels, ik kin daliks de netto tiden ek even trochbelje nei de froulju yn ’t húske. Dan myn eigen tiid. Ik wit net wat ik sjoch as der dan dochs 58.57 as netto tiid stiet. Boppedat de 51ste 45+ frou en yn ’t grutte gehiel nr. 1324 as finishplak. As ik R har tiid ek noch opsykje: netto 1.01.46 en dat sy as 10e 55+ frou finishe is, tink ik dat wy it mei syn allen goed dien hawwe. Wat in aventoer. Doe’t se my fregen: ‘No wolst wol faker tink?’, antwurde ik alhiel yn styl: ‘Oer 25 jier mar ris wer sjen!’
Facebook
Twitter
LinkedIn
Telegram
WhatsApp
Email

Het laatste nieuws

Sportvereniging Friesland

© Copyright 2020 | Christiaan Valk